Skip to the main content

Jubileumdrive 29 februari 2020

 Speech van voorzitter Jaap Botma:

Iepening 65 jierrich jubileum DBC.

65 jier DBC, it 13de lustrum en nei it 50 jierrich bestean yn 2005 is dit de earste kear dat de club in jubileum fiert. Wy binne in bridgeclub, mar wat is bridge eins: yn it begjin in spultsje foar de elite, op foto’s sjogge jo hearen mei de strik foar en se smoke ek. Bridge soe ûntstien wêze út it kaartspul WHIST. Om dat mei elkoar te spyljen soe der in brêge oerstutsen wurde moatte. Fandêr. Aardich is yn dit ferbân wat der op Wikipedia stiet oer:

Bridge in Nederland

In Nederland werd bridge populair omstreeks 1930, vooral onder invloed van de broers Frits en Ernst Goudsmit. Toen kolonel Lucardie op 22 november 1930 de Nederlandsche Bridge Bond oprichtte, was bridge een spel dat in deftige salons door heren in smoking werd gespeeld. Lang bleef bridge dat elitaire karakter behouden en het ledental van de bond bleef tussen 10- en vijftienduizend hangen. Totdat in de jaren zeventig bridge een zeer populaire sport werd en het ledental van de bond explodeerde. Ook bridgers in spijkerbroek deden hun intrede.De Nederlandse Bridge Bond hoort tot de elf grootste sportbonden van Nederland en is, na de Amerikaanse, de tweede bridgebond ter wereld.

Werom nei DBC, oprjochte op 1 jannewaris 1955. Op 1 jannewaris 1964 slút DBC him oan by de NBB. Der binne dan 10 leden wer fan de nammen mei de typemachine op papier set binne en op de efterkant steane, mei pinne, de nammen fan in flink oantal “swarte”-, as binne it adspirant-leden? WH en WH binne foarsitter en skriuwer. De lokaasje is café Haarsma (no Eric’s Café) en der wurdt bridged op de twadde tongersdei en fjirde woansdei fan de moanne.

Ik neam no noch in stikmannich nammen fan minsken dy’t no noch lid fan DBC binne, ik hoopje dat ik net ien ferjit as oerslach.

Yn 1966 binne der 17 leden en wurdt der om de twa wike op tiisdei spile. Rudolf Hamstra wurdt lid, yn 1967 folge troch Stien Hamstra. Yn 1970 ferhúzet DBC nei de Posthoorn. 50 leden telt de club yn 1971 as Houkje Hacquebord en Uco Banga lid wurde. Sjoerdsje Nijenhuis komt der yn 1972 by, Siska Bargeman en Grada Hamstra yn 1974. It ledental groeit en yn 1976 komme we as nije leden tsjin: Jannie Dykstra en Gerard Beckers. Dit is de lêste kear dat it ledenoersicht mei de typemachine ynfold wurdt. De kompjuter nimt it oer mei greate kettingformulieren. Op de list fan 1979 komme we Trijn Hoekstra en Ans Beckers tsjin. Yn 1980 hat Wim Hacquebord 3455 MP en Wolter Heida 2945. Diny Hofstra wurdt lid yn 1985, Ate Jorritsma yn 1988 en Jenny en Ad de Haan yn 1989, tagelyk mei Ruth Hannema. Yn it lêste decennium fan de foarige ieuw komme der sa’n twintig nije leden by: Jantsje de Boer, Jappie en Anne Dykstra, Neel Grijpstra, Cor de Boer, Willem Hannema, Gooike Bierma, Baukje van der Gang, Pytsje Jippes, Marijke Knol, Betty, Folkert en Jan van der Kooi, Hendrik Lawerman, Hitty Postma, Oene Pruiksma, Hans en Wenda Spijker, Albert en Tjitske Wienia, Vera van Lier, Han van Merwijk, Neeltje Pauzenga, Piet en Trienke Rooks, Froukje Sikkema, Jan en Nel Vlijm. Wie it wenplak fan hast alle leden hjir foar Dokkum, dat is no aardich feroare.

Foar safier ik nei gean koe binne alle oare jintwurdige leden yn as nei 2000 lid wurden en dat binne eins noch mar broekjes.

Foar in part fan de club histoarje folget no in gearfetting fan de Terugblik en vooruitzicht dy’t by gelegenheit fan it 50 jierrich jubileum ferskynde:

 

Yn de jierren dernei wurdt de frije bridgejûn, ien kear yn de fjirtjin dagen op tiisdei omruile foar in kompetysjejûn sadat DBC no in A- en B- kompetysje hat. Omstreeks 2015 wurdt de yn 2001 oanskafte BMpro opfolge troch de BM 2, dy’t wer mear mooglikheden hat. Bygelyks de spulferdieling kin der ynfierd wurde. In echtpear dat dêr gau har nocht fan hat makket it mooglyk dat de Dealer4 oanskaft wurde kin. Skodzje hoecht net mear en wa’t dat wol kin de spullen thús noch ris neispylje. De lêste greate feroaring op ús club is de oergong nei it ranking systeem. Dêr’t guon leden earst net sa enthousiast wiene is it no gjin punt fan diskusje mear. Spylje mei in ynfaller is maklik en in kear weibliuwe as pear is ek gjin probleem. Der binne ek oare beuzigheden as bridge en om minsken binnen board te hâlden moat der ek wat romte foar sykte, fekânsje as berne-oppas wêze.

Neist de wille dy’t wy mei elkoar oan it bridgespul belibje binne ek de sociale kontakten bûten de club om fan belang: guon spylje yn lytser ferbân thús in potsje. Der binne ek noch klubkes sa as Blija, Eastrum en Moddergat bridge. Yn NBB ferbân binne der ek drives der’t DBCers oan meidogge.

By sykte as oare swierichheden is derfoar omtinken fan de leden fan de club, prachtig moai!

Bridge is in spul mei in protte rigels. En as in spiler fynt dat dy oertreden binne dan is der arbitrage foarhannen. En dy útspraak “kinne je it mar mei dwaan”. It kin fansels wolris wriuwing jaan ek op it persoanlike flak. WL en bestjoer besykje dat, leafst achter de skermen, wer yn goede banen te krijen. Der is noch in moai foarbyld fan in optreden fan it bestjoer út 2000

 

De takomst:

Op dit stuit hat DBC sa’n 120 leden en om dat wat groeie te litten binne wy tegearre mei KBC mei de gemeente yn gesprek hoe’t wy ynwenners dy’t ynteresse yn in cursus bridge hawwe, berikke kinne. It stribjen is om yn septimber dan wer mei in kursus út ein te setten. As jim yntusken mooglike ynteressearden kinne, lit it ús witte.

De mooglikheden dy’t de kompjuter en ynternet ús bringe kamen al oan de oarder. En dat hâldt hjoed ek net op. Wurdt de BM ea ferfongen troch de snoade tillefoan? Je kin no al thús op de kompjuter mei en tsjin oaren in potsje bridge. As tsjin jesels. Soene je skylk net  mear nei de Bowling ta hoege foar de kompetysje, mar kin dat dan thús yn de luie stoel? Ik bin benijd.

Hjoed binne we yn elts gefal byelkoar mei 96 DBC leden, korreksje: Tineke Babois is gjin lid mar spilet op fersyk fan en mei har partner Ate Jorritsma, foar de klub is dit budgetair neutraal.

DBC is finansieel goed sûn en derom is it iten en drinken hjoed fergees. De ponghâlder is wol benijd wat him dat kostjen giet, want as se it no ris op in sûpen sette? (myn wurden). Ik ha gjin noed en oars moat de kontribúsje it oare jier omheech.

Ta beslút: mei in bridgedrive fiere wy hjoed ús jubileum en om alle leden derfan genietsje te litten ha we in WL/arbiter fan bûten de club ynhierd: Hendrik van Gunst, hy docht de lêste jierren ek ús Kroegendrive en as lid van it districtsbestjoer kin hy dat ek moai ferstsjintwurdigje.

 

Uitslag:

In de A lijn eindigden op de eerst plaats Diny Hofstra en Neeltje Pauzenga  met een gemiddelde dagscore van 62.42%.  Op de tweede plaats eindigden Dick-Jan van Enthoven en Hylke Zwart met 54.85% en als derde zijn Froukje Sikkema en Geertje de Vries geëindigd met 53.33%.

 

In de B lijn ging de eerste prijs naar Jaap Botma en Wolter Heida,  de huidige en oudste voorzitter van de club. Zij behaalden een gemiddelde score van 64.38%. De tweede prijs werd behaald door Jappie en Anne Dijkstra met 55.39%. Hein Dam en Ringer Visser werden derde met 54.67%.

 

In de C lijn kwamen de Tineke Babois en Ate Jorritsma als winnaars uit de bus met 56.52 %, op de tweede plaats in deze lijn eindigden Ytsje Feddema en Reinder Bouma met 54.62%. De derde plaats was voor Ad en Jenny de Haan met een score van 54.17%.

 

In de D lijn was de eerste prijs voor Trijn Hoekstra en Uco Banga met 59.73%. Als tweede zijn Piet Rooks en Cor Steenstra geëindigd met 58.22% en op de derde plaats Tiny Dam en Aly Visser met 55.00%.

 

Andere artikelen

Huurtassen voor thuis bridgen

Wie thuis wil bridgen en het leuk vindt om de resultaten te vergelijken met anderen, hebben we...

08/11/2024 - Cor Steenstra

Bridgecursus voor beginners

Op dit moment staan er geen bridgecursussen op het programma. Wie interesse heeft in het leren van...

19/09/2024 - Cor Steenstra

Notulen jaarvergadering 3 september 2024

Je dient lid van deze club te zijn om dit bericht te bekijken.
Al lid? Inloggen

19/09/2024 - Cor Steenstra